Doe't yn 2006 immen nei it sjen fan Ferlet sei dat er krekt sjoen hie nei in Iepenloftspul binnendoar, doe besletten wy ús twajierlikse teater 'Binnenloftspul'te neamen.

It Binnenloftspul is in gearwurking dy't ûntstien is doe't de Toanielferiening Tjerk Kooistra frege om nei te tinken oer in jubileumstik. Hja besletten om de Krystbalkommisje te freegjen oft der mooglik in kombinaasje te betinken wie: in krystbalseal dy't him ek lient foar in teaterstik. Gau kamen se der út en noch datselde jier waard ferlet opfierd. Twa jier letter wie it súkses noch grutter mei Paddy's lot en it tredde Binnenloftspul yn 2010 luts wer mear besikers.

No is it Binnenloftspul net mear fan de Weidumer kalender wei te tinken.

Fan jannewaris ôf sille we de 'Oefening en Vermaak' website oanpakke. Der komt mear ynformaasje op oer de Binnenloftspullen út it ferline.