|





|
Man 'o man My big gay italian wedding 'Man 'o man' is in hilarysk absurdistysk teaterstik oer de tariedings en trouwerij fan twa mannen en in ien op ien bewurking fan de Amerikaanske kaskreaker 'My Big Gay Italian Wedding'. Anthony (Wybo Smids) wol trouwe op tradisjoneel Italiaanske wize: grut, grutters, grutsk. Der is ien probleem: hy trout mei in man en soks is net tastien dêr't er wennet. As hy en syn oansteande Andrew (Rienk Nicolai) dochs beslúte de brulloft troch te setten, blike der mear apen en bearen op de dyk: in pastoar dy't net komt, in tsjûge dy't de boel sabottearret, in mem dy't gjin echte mem blykt te wêzen. 'Man 'o man' wikselet hilaryske absurde mominten ôf mei serieuze stikken, mar is boppe-al in jûn fermaak, leedfermaak en echte leafde. Of net? Of krekt wol? Nei Ferlet, Paddy's lot, Hoteldebotel is 'man 'o man' it fjirde Binnenloftspul dat plakfynt yn Weidum. It binnenloftspul is in gearwurking tusken de Weidumer krystbalploech, de toanielferiening Oefening en Vermaak en regisseur Tjerk Kooistra. |